Support the Concertzender

Steun ons door vriend te worden, een donatie te doen of te sponsoren.

Vriend
Ik wil steunen door vriend te worden.
Doneren
Ik wil steunen door een donatie te doen.
Sponsor
Ik wil steunen door te sponsoren.
Ik word vriend voor het bedrag van
per jaar
Ik wil het bedrag van doneren
Ik wil sponsoren met
Ondersteuningsvoorkeuren
Newsletter
Get the latest updates and offers.
Product updates
Learn about new features and products.
Event invitations
Invitatations to exclusive events.
Ik ga akkoord met de algemene voorwaarden
ConcertPodium

Paulus Folkertsma

19 april 2002 - Opnamelocatie

Hawwe jo wolris fan Paulus Folkertsma heard? No, wy ek net. Mar we hawwe der wat oan dien.

As Konsertsinder soenen wy best takinne mei allinich konserten yn Utert en Amsterdam. Yn dy twa stêden binne der in bjusterbearlik oantal poerbeste konserten yn alle moaglike sjenres.

Mar it sit net yn ús DNA ôm altiten mar dwaan te bliuwen dêr't wy fertrouwd mei binne. Sadwaande nimme wy konserten op yn alle dielen fan it lân. Faak komme wy yn Brabân mei syn bloeiende nijemuzykwrâld. Mar ek Fryslân ha wy besocht.

No wie der yn 2002 in herdinkingskonsert foar Paulus Folkertsma (1901-1972). Dizze Fryske ûnderwizer hie de kweekskoalle dien yn Maastricht en ja, it Maastricht fan foar de Oarloch wie dochs wol in stêd fan operettes en oar fermaak. En faak genôch yn it Limboarchsk! Dus doe't er wêrom yn it heitelân wie, wist er it wol: dat moatte wy hjir ek hawwe. Sa kaam it Frysk oan syn earste operettes, mar ek oan in tal lieten yn 'e romantyske tradysje. En oan orkestmuzyk. Wat soenen jo tinke fan it simfonysk gedicht Skiermûntseach?

Hjoed de dei is Folkertsma hast ferjitte. Dat koe better, fûnen se yn syn stjerplakke Aldeboarne. Yn 'e Doelhôftsjerke fan dat doarp is der trochsnie fan syn wurk te hearren. It tsjerkje is fansels mar lyts, dus flak foar in orkest is der net. Om't de organisatoren dochs wat fan dy muzyk hearre litte woenen, binne der kamermuzykarranzjeminten fan makke. Fierder hearre we in grut tal lieten (op ien nei allegeare yn it Frysk) en it slotkoar fan 'e operette De Jonkerboer. No mar heapje dat in simfonyorkest nochris de Skiermûntseach-rapsody op syn repertwaar sette wol!

  • 2. Tûzenen; Mimerij; Wêrom

    Ben Brunt (bariton), Lieven Sienema (piano)

  • 3. It famke op 'e bûthúsbank; Loksliet; Sliepsankje

    Tetsje van der Kooi (sopraan), Lieven Sienema (piano)

  • 4. Printsje; Advintsliet; Van mij en jou

    Arjen Veenhuizen (bariton), Johan Bijhold (piano)

  • 5. It wie sa stil hjir op 'e Wierren; Lytse filosofy; In memoriam

    Netty Otter (mezzo-sopraan), Johan Bijhold (piano)

  • 6. Sonatines foar piano yn C, opus 57/2

    Johan Bijhold (piano)

  • 7. Foarjier; De gevels bleakerje; Ik bin oan'e ein

    Ben Brunt (bariton), Tetsje van der Kooi (sopraan), Netty Otter (mezzo-sopraan), Lieven Sienema (piano)

  • 8. Konsertino foar fioele en lyts orkest, opus 70

    Johan Bijhold (piano), Finn Möricke (fioele)

  • 9. It famke op 'e bûthúsbank

    Tetsje van der Kooi (sopraan), Netty Otter (mezzo-sopraan), Arjen Veenhuizen (bariton),Ben Brunt (bariton)

  • 10. Altyd bliuwt de leafde (slotkoar út De Jonkerboer)

    Ben Brunt (bariton), Tetsje van der Kooi (sopraan), Netty Otter (mezzo-sopraan), Arjen Veenhuizen (bariton), Johan Bijhold en Lieven Sienema (piano) Finn Möricke (fioele)